< >
Kening
 

Foarút nei it libbene lân

Blog  • 1 juli 2016  • Theunis Piersma   
 
 

Om 2016 hinne kaam de ommekear. De wize werop oerheid, ûndernimmers, boargers en boeren oer it boerelân praten en mei it boerelân omgongen feroare. It waard dúdlik dat de ûngerestheid oer de ûntjowingen op it boerelân mear wiene dan ‘sentiminten’, mear dan allinnich mar in langstme nei de ferlerne blommen, flinters en greidefûgels. Der ûntstie in besef dat ûntjowingen yn de lânbou, en yn de molkfeehâlderij, deagewoan net takomstbestendich wiene. Der kaam in besef dat, ast alle maatskippelike, klimaat- en biodiversiteitskosten meirekkenst, ‘goedkeape’ suvel eins hiel djoer wie.

Der kaam ek it besef dat bulkproduksje op ‘e wrâldmerke weismiten jild is foar in lân mei sokke goeie grûn en sokke bêste boeren. En der wie it besef dat dy bêste grûnkwaliteit al jierren hurd efterút draafde troch it hieltyd mar ynjektearjen fan jarre, it hyltiten omsetten fan lân, it gebrûk fan gemyske bestridingsmiddels en de eigenmakke droechte.

Fansels spilen der ek oare saken. By de burgers kaam lang om let it besef dat it griene lân ek in hyltiten deader lân wie, en dat dat lân har ek nochris slompen jild koste. De soargen oer de effekten op de sûnens fan de âlderein, en it libbensgelok en de sûnens fan ‘e bern waard stadichoan wittenskiplik ûnderboud. It waard dúdlik dat de prizen fan de huzen op it plattelân te lijen hiene; de doarpen rûnen fierder leech, en de huzen waarden net iens ferkocht. Der drige ek wer even in grutskalige feesykte. Enerzjy waard djoerder en dêrmei ek alle gesleep mei feefoer en suvel.

De oanrin nei it jier 2018, it jier dat Ljouwert de Kulturele Haadstêd fan Europa wurde soe, soarge foar in klimaat wêryn’t boeren, doarpsbewenners en ûndernimmers tegearre wurkje woene oan in bettere takomst foar Fryslân, en doe gie de polityk fansels wol mei.

Troch al dizze driging en urginsje kaam der sa, nei 2016, in tiid fan grutte ynnovaasje, in tiid fan bjusterbaarlike kreativiteit. Under lieding fan keningin Màxima begûnen de banken te sykjen nei nije finansieringsfoarmen foar de nije lânbou, sloegen de boeren de hannen ynien mei biologen, wetterkundigen en boaiemspesialisten, om te sykjen nei de beste wize om nije libbene grûnte meitsjen en om te buorkjen mei in sa lyts mooglike humane foetprint. De kreative yndustry sette har fokus op de boeren en kaam mei de iene nei de oare tûke ynnovaasje. De Ryksuniversiteit Grins fertsienfâldige yn 2022 har ynvestearrings yn Ljouwert. Yn Grinslân waard der prottele. Der wiene guon dy’t mienden dat de haadfestiging fan Grins nei Fryslân ferhúzje soe.

Sa feroare der fan alles yn it lân. It Wetterskip ferlei har koers fan ‘rinne litte’nei ‘sa folle mooglik winterwetter hâlde’. It gemaalbehear gie oer de kop en der kamen fleksibele wetterpeilen. Yn 2025 ûntstie it earste nije bûtlân, en de reidkragen lâns de marren begûnen út harsels wer te groeien. Der waarden nije sleatten groeven, en winterdeis stie in part fan it boerelân wer ünder wetter. Dit nije wiete lânskip smiet in protte toeristyske ynkomsten op foar de nije koöperaasjes wêr’t boeren yn meidielden en -diele.

It duorre even foar it safier wie, mar tsien jier lyn waard besletten om de nije lânynrjochting ôfhinklik te meitsjen fan de grûnsoarte. Op de klaai, de lytsje hoekjes oerbleaun fean, en op it sân kamen oare kombinaasjes fan gerzen en krûden, en ek wat de ko-types oanbelanget waard der socht nei in balâns mei de grûn. Dat joech in geweldige ympuls oan de feefokkerij, en gâns striid fansels. Om kij te krijen dy’t it bûtendoar goed ferneare kinne, woene sommigen werom nei âlde rassen, en oaren just foarút nei nije rassen. Yn elts gefal kaam der yn koarte tiid in protte ko-diversiteit by!

De lizboksestâllen dy’t de jarre produsearren waarden yn rap tempo omboud ta potstâllen. Mei strie fan de eigen grûn smiet dat in moaie bemesting op der’t de wjirms en de oare boaiembewenners it hiel goed op diene. De kwaliteit fan ‘e grûn gong mei sprongen omheech. Der kamen ferrydbere molkerobotsjes dy’t mei de nijste sinnepanelen de lytse keppels fee betsjinnen. Hiel apart, mar it is no moade wurden om op lytse iepen trekkers te riden (eartiids koe in trekker net grut genôch wêze).

En dan de fûgels! It fernuvere de biologen hoe gau’t de ljurken werom kamen; dy kinst no rûnom yn Fryslân hearre. Ek de ljippen en tsjirken en de boereswellen reagearren hiel fluch; fan dizze soarten binne der no wer trije kear safolle as yn 2016. De skriezen hiene wat mear tiid nedich, mar sûnt 2022 buorkje sy ek stadichoan foarút.

It begûn yn Fryslân, mar it nije buorkjen, en it ekonomyske súkses derfan, waard in oaljeflek dy’t har foaral nei 2018 oer hiel Nederlân ferspraad. Want de superspesiale suvel út Fryslân waard net allinnich goed ferkocht yn eigen lân, ek yn it bûtenlân is de ‘Idzegea’ merk-suvel has net oan te slepen. It is mar moai dat krapte sa goed foar de priis is.

Sa waard it Fryske duorsumenswûnder in eksportprodukt! It hat der optheden wol oan of’t de Ljouwerter hegeskoalle genôch ‘sustainable agronomists’ ôfleverje kin. Rûnom yn ‘e wrâld is der fraach nei dizze minsken. De toeristen witte Fryslân wer te finen, wolle it leafst yn it Frysk oansprutsen wurde, want der is no in oerset-‘appke’ en mei in earsprekkerke dy’t alles life oer set yn de wenstige taal.

Yn 2026 waarden der troch Hollywood net ien, mar twa films makken dy’t yn Fryslân spilen. De earste hjitte Farmer’s Choice (op grûn fan it toanielstik Koning van het Weiland út 2017, skreaun troch Tjeerd Bischof en produsearre troch Pier21), mei yn de haadrol in bernsbern fan Merilyn Streep. De twadde ‘Hollywood movie’ hjitte Game of Godwits. Dizze aventoerenfilm giet oer Fryske famkes en jonkjes dy’t freonskip slute mei skriezen om’t se in manier fûn hawwe om mei dy skriezen te praten. De film waard rûnom yn ‘e wrâld in echte kaskraker.

THEUNIS PIERSMA

Mei-ynisjatyfnimmer en dielnimmer oan it boargerynisjatyf Kening fan ‘e Greide en heechlearaar Trekfûgelekology oan de Ryksuniversiteit Grins.