< >
Kening
 
 

CD presintaasje: Hear de Ljurk yn ’t lân

Nieuws  • 2 juni 2015   
 
 
 
 

It is sa fier, de cd kin presentearre wurde en wol op sneintemidzje

7 juny om 14.30 oere yn in stik greide oan de Feandyk
yn It Heidenskip. De tagong is frij mar jimme moatte al sels in stoel meinimme.
Jitske Draijer sil it liet sjonge mei begelieding fan fanfare Studio

It liet “de Ljurk” komt út it iepenloftspul fan foarich jier de Kening stjêrt.
It liet ús net los dat we der wat mear mei dwaan moasten. We ha in sponsor
fûn om de cd opnimme te kinnen en derom kin no de hiele opbringst fan de Ljurk
ten goede komme oan natuergebied “de Wolvetinte” ek yn it Heidenskip.

Mocht it waar net meisitte dan ferhuzje we nei doarpshús It Swaeigat.

In hertlike groet fan,

Ysbrand, Oane, Jitske, Ytsie