< >
Kening
 

‘De Kening’ – column Aggie van der Meer

Nieuws  • 3 februari 2015   
 
 
 
 

De Kening

Lit ús it oer de kening ha.
Dreech genôch.
Wy witte it: dat smyt net allinnich gelok op, it is ek gled iis, it is tei-iizje en gefaar .
It giet dus oer ússels.
It giet meastal oer ússels, oer ús winsken en belangen. Oer wat ús driuwt.
Oer it ferdigenjen fan wat ús driuwt. It beärgumentearjen dêrfan.
Oer it talitten fan de bange fraach oft wy mooglik ûngelyk ha. Wat tajaan moatte.
Oer de kompleksiteit fan dat alles.
Wy kinne der dus net bûten bliuwe. Ek al omdat we wyls safier binne dat we witte dat inkeld ôfwachtsjen, gjin rêst mear jout.
Wa binne wy? Leau mar dat de kening oan ús kant stiet, litte wy sizze oan de kant fan dejinge dy’t it ha oer ús grûn,
ús mienskiplike grûn, de grûn fan ús bestean. De grûn dy’t wy útdaagje, fan easkje om mear te jaan, mear, wyls wy har as rintmaster hoedzje moatte.
Wat kin de kening ynbringe tsjin dejinge dy’t ek fan him hâlde, jawis, mar him freegje hoe’t se, as se him wat mear temjitte komme,
de wrâld dan fiede moatte? Ha se dêrom net kij bykocht en lân?
Sil de kening dan sizze hoe’t it dan kin dat der hieltyd mear fan ús mienskiplike grûn besiedde wurdt mei plantguod dat wol jild opsmyt,
mar dat gjin hongerige magen follet, net iten wurde kin?
Dat hearre se leaver net.
Dat heare se ek net, want de kening swijt.
Hy lit dat oan ússels oer. Fansels hopet er noch al dat it ús slagget syn wankele troan oerein te hâlden. Mar hy wit net hoe lang ús azem is en ús tsjintwurdigens fan geast.
Maklik sein. Sitte wy dermei.
Hoelang sette dejinge dy’t no de rjochten fan de kening noch ferdigenje har yn, as er mei hofhâlding en al syn residinsje nei freonliker lânnen ferhúst en ús sterkte winsket.
Lykas de fraach oft de soarch foar de ljippen wol bliuwt, as it foargoed oer wêze moat mei it sykjen.
Bliuwe wy de kening trou omdat we him leafhawwe?
Omdat we dat, gelokkich, allegear dogge?
Of witte we út ûnderfining, skea en skande, allang dat leafde ûnderhâld freget en soarch.
Hawwe krekt dêrom guon fan ús de kening net ta ikoan makke? Teken fan har mienskiplike ynset. ? Skeakelje wy, guon fan ús dus, him yn omdat er mei syn sinnige aard en easken ús it ark yn hannen jout om te besykjen ta in folslein oare manier fan wurkjen te komen. In oare manier fan tinken foaral.
Omdat dat needsaaklik is? Omdat dat har dat in ûnferwacht en ferrassend perspektyf biede kin?
Of is it ek de eangst foar in twingjend belied fan boppeôf, nedich omdat wy de tiid fan genede ferrinne litten ha?
Omdat it wyls te let wurden is om de ferskillen tusken ús te sljochtsjen?
Wy de wei fan it ta-inoarkommen net fûn ha, de goede ôfslach mist ha?
Wa sil de kening opfolgje as wy him fuortstjoerd ha, it fjild romje litten ha. Spitich, triennen en unferjouber. Dat wol.
Komt der dan ien dy’t ús it swijen opleit? Mei hurde hân? Gjin tsjinspraak mear dulzje sil? Omdat de takomst fan ‘e wrâld dat easket?
Of foarkomme wy dat, noch foardat it tsjuster wurdt. Foardat ús bern mei drege fragen komme? En wy de antwurden net witte.

De silent spring is oan it eachsein noch net te sjen, al krije wy de foarpriuwen al oanbean.
Is dat genôch? De warskôging driigjend genoch?
Leave kening, hâld ús by siken en tsjintwurdigens fan geast.
Ferhef ek dizze maitiid wer even jo stim tsjin alle tsjinwar yn. Sadat wy de moed deryn hâlde.

Aggie van der Meer