Lykas een fûgel
him in nestplak bout
yn ‘e stille tûken
fan in sterke âlde beamsa bin ik yn myn doarp
dat unfersteurber bewoartele leit
yn ‘e beskutting
fan in degelik lânskipÂld iis en earder sân
makken har grûn
klaai troch minskenhânnen
foarmen hja fierder oant hjoedLykas de skaal
fan twigen, fear en ferfleine kalk
is ek it doarp in ierdebêd
foar alle generaasjes
jout sy harren de oarsprong
foar nije wjukken yn ‘e tiidDêrmei bliuwt myn doarp
mei harren broazelich tinte lijte
iepen en besletten tagelyk
ferskûle yn ‘e takomst