It ferdwinen fan it molkkwotum takom jier driget min út te pakken foar de Fryske natuer. De boeren kinne dan frij melke en dat bringt folle mear op as de fergoeding foar agrarysk natuerbehear. Omdat it keapjen fan molkkwota in soad jild koste, wie it foar in soad boeren oantreklik om in part fan it lân as fûgeltsjelân te brûken dêr’t in fergoeding tsjinoer stiet. De provinsje regelet it agrarysk natuerbehear en betellet de fergoedings. Deputearre Kramer is net benaud dat alle fûgeltjselân no opoffere wurdt foar de molkeproduksje.
De driigjende problemen kinne oplost wurde as de konsumint mear betelje wol foar natuerlik produsearre molke.
Bekijk de reportage van Omrop Fryslan.