< >
Kening
 

Gjin mienskip sûnder miensker!

Blog  • 5 januari 2017  • Eddy Wymenga   
 
 
 
 

It achterste stikje lân fan ús buorkerij yn Garyp lei yn’t sker. Ik ha my der altiten oer fernuvere dat dy namme – ‘miensker’ as ‘meenschar’ yn it Nederlânsk – fanâlds slacht op mienskiplik brûkte grûn. Hoe wurke dat earder? Tsjintwurdich is dizze âlde foarm fan lângebrûk net mear te finen yn Nederlân, en op de measte plakken yn Europa hast ferdwûn. Ek yn dizze tiid wurdt it lanlik gebiet mienskiplik brûkt mar oars as yn’t ferline. Boeren, boargers en bûtenlju brûke allegear it bûtengebiet en ha dêr, yn sekere sin, dielde belangen. De term ‘miensker’ past goed as hjoeddeiske metafoar foar dat mienskiplik brûken en belang. Ik freegje my ôf of wy de enerzjy yn de mienskip ek ynsette kinne foar mear kwaliteit en duorsumens yn it lanlik gebiet. Want wa makket dêr wurk fan, no’t de nasjonale oerheid in stap tebek dien hat yn har omtinken foar ús lânskip?

Dizze grûn fielt net mear as fan ús

De kwaliteit fan natoer en lânskip libbet sterk yn de Fryske mienskip. At it no giet om de iepen gêrslannen yn’e Greidhoeke, de feangebieten yn it Lege Midden of de besletten kûlissen yn’e Wâlden, hast wykliks jouwe ynstjoerde stikken yn de provinsjale deiblêden blyk fan soarch en lilkens oer feroaring en ferlies fan unike wearden. En tagelyk ek fan grutte ferskillen yn fisy hoe ’t dizze wearden behâlden wurde kinne. Oanfitere troch it boargerinisjatyf ‘Kening foar de Greide’ is yn Fryslân in brede diskusje op gong kommen oer de takomst fan it lanlik gebiet. De emoasje en djipgong dy ’t hjir ûnderlizze binne yngeand te fielen yn it stik ‘Melk, kaas en landschapspijn’ fan Jantien de Boer yn de Ljouwerter Krante fan juny 2016[1] en de reaksjes dy’t dêr op folgen. It dramatyske ferlies fan natoerwearden is tsjintwurdich foar elkenien te hearren as de stilte yn it boerelân. Doe’t ik fan’t maityd mei ús heit (85 jier) yn’t Lege Midden om skriezen socht (!), wie er ferbjustere dat wy se hast net mear fine koene. Soks wie yn syn tiid ûnbesteanber. Nederlân bongelet tegearre mei Malta dan ek net foar neat ûnder oan’e list op it gebiet fan natoerwearden (bioferskaat) yn Europa. Dat ferlies rekket ek oan ús ferbûnens mei it lânskip. Us identiteit en kultuer binne foar in part woartele yn it lânskip[2] mar wy kinne dat net mer sjen, hearre of rûke. Koartwei soest sizze kinne: dizze grûn fielt net mear as fan ús. De Boer leit yn har bydrage dan ek de fûnemintele fraach foar, wa’t no eins eigener is fan ‘ús Fryske gea’.

Miensker, meenschar, commons, communaux

Mienskiplik brûkt lân kaam yn in fier ferline rûnom yn Europa foar en hie tradisjoneel te krijen mei mienskiplik eigendom en gebrûk fan grûnstoffen en gewaaks (resources). It gie meast om healannen, greiden en feangebieten foar it stekken fan turf mar soms ek om fiskwetter. De opbringsten waarden mienskiplik eksploitearre. De dielde ferantwurdlikens droech by oan it behâld fan de kwaliteit en opbringst op’e langere termyn. Dizze mienskerren wiene yn Nederlân oant yn de 19e ieu rom oanwêzich, sis mar oant dizze ‘ûnlânnen’ oanmakke waarden. Op âlde topografyske kaarten stean se ek yn Fryslân oanjûn (figuer 1), benammen op eardere heiden en bûtlannen[3]. Tsjintwurdich komme se noch werom yn nammen fan strjitten (krekt as it Sker yn Garyp) en gebieten (bygelyks Easterskar).

Figuer 1. Miensker by Suwâld op koarte ôfstân fan Ljouwert. Topografische atlas 1850. Wolters Noordhof, Grins.

Yn Ingelân wiene commons algemien en ek al bin se efterútgien, no noch beslaan commons in oerflak fan san 500.000 bunder. It giet benammen om lân dat minder gaadlik wie foar yntinsyf lânboukundich gebrûk[4]. Tsjintwurdich hawwe se yn Ingelân in wichtige rol as natoergebiet. De frije, publike tagong wurdt as in wichtige wearde sjoen en as drager foar it behâld fan de commons4. Ek op oare plakken yn Europa (bygelyks Sweden, Spanje[5]) komme skerren noch foar as greide foar fee yn steppen of bergen, of as yn de winter understrûpte healannen. In moai foarbyld binne de communaux yn de Vendée yn Frankryk, dy ’ t oant yn de jierren njoggentich fan grut belang wiene as pleisterplak foar ús skriezen[6]. Yn Nederlân soene wy de natoergebieten yn behear by It Fryske Gea, Staatsbosbeheer en Natuurmonumenten as mienskerren sjen kinne, omdat se foar in grut part mei mienskipsjild yn stân bliuwe.

Miensker as metafoar foar mienskiplik gebrûk

Fanút boppesteande wittenskip kinst de âlde term miensker sjen as in moderne metafoar foar it mienskiplik gebrûk fan it hjoeddeistich lanlik gebiet. Hoewol’ t it eigendom yn de praktyk foar in grut part privaat is wurdt it gea troch alle lagen fan de befolking yntinsyf brûkt[7]. Njonken wenjen en wurkjen giet it om tal fan aktiviteiten: fan bûten boartsje, kuierje, sporte, fytse, farre, fiskje oant greidefûgels beskermje, natoer belibje en bygelyks toarnbeien sykje. In soad minsken yn in stêd of doarp bringe in grut part fan harren frije tiid troch yn it bûtengebiet, en in grut part dêrfan soe dat noch mear dwaan wolle7. In stêd (mienskip) hat it ommelân (miensker) nedich foar har ynwenners om letterlik en figuerlik te sykheljen en de romte te hawwen om har út te libjen.

De wurdearring foar it lanlik gebiet nimt ek ta mei’t it lânskip in hegere kwaliteit hat (ûndersyk Ryksuniversiteit Grins – www.greenmapper.nl). Yn gebieten mei krimp kin dat bydrage oan de kar fan minsken om har dêr nei wenjen te setten. Sa lizze de wenningprizen heger yn gebieten dy’t wat natoer oanbelanget heech oanslein wurde[8]. It miensker yn moderne sin hat dêrmei in grutte maatskiplike en sosjaal- ekonomyske wearde.

Wat docht wat?

In soad minsken fiele har njonken brûker ek ‘mei-eigener’ fan it bûtengebiet, ek al is der fan eigendom gjin sprake. De lânskipsenkête yn 2014 fan it Fries burgerpanel lit sjen hoe’t ús ynwenners oer it lânskip tinke[9]. Se binne tige ynteresseare yn wat der bart op’t boerelân, mar wurde meastal net belutsen by besluten dy’t de wrâld om har hinne feroaret. Mar dizze ‘autonome’ feroarings reitsje har wol, en dat liedt ta ferbjustering dat soks sa mar kin.

Yn de praktyk stean de werklike grûneigners – hast allegear boeren mei molkfeehâlderij  der omtrint allinne foar as it giet om de ynset foar natoer en lânskip. Hast altyd rekket it oan har tiid (oeren) en har ynkommen. Sûnder stipe is it animo op yndividueel nivo dêrom net grut om wurklik in oare kar te meitsjen. Dat nimt net wei, dat ek in soad boeren de kwaliteit fan it lanlik gebiet oan it hert giet, se sjogge lykwols op bedriuwsnivo gjin of amper ekonomyske romte om dêr feroaring yn oan te bringen. Fan har kant ûnderfine se it gemak wêrmei’t boargers har ferantwurdlik hâlde foar de útklaaing fan it lanskip as unbegryp foar har benearjende (sosjaal-)ekonomyske posysje. Mei stimulearre troch banken en de koöperative suvelyndustry binne se yn in agrarysk klimaat telâne kaam dêr’t produksje it primaat hat. Sa is it mooglik dat anno 2016 ús greidefûgels foar in grut part ferdwûn binne[10] wylst dy heech wurdearre wurde yn de mienskip. In hjoeddeiske ynfolling fan de ‘tragedy of the commons[11], weryn’t mienskiplik droegen wearden ferdwine omdat yndividuele leden fan ’e mienskip har foar har ynkommen twongen sjogge in oare kar te meitsjen. De ferwidering tusken produsinten (boeren) en konsuminten (it maatskiplik fjild) wurdt dêrmei hieltyd grutter.

It omtinken foar natoer en lânskip op boerelân is net allinne fan dizze tiid. Yn 1975 waard troch it doetiidske Ministearje fan CRM en fan Lânbou en Fiskerij de saneamde Relatienota útbrocht (‘nota betreffende de relatie tussen landbouw en natuur- en landschapsbehoud ’). Dizze joeg stipe oan boeren foar it behear fan ‘fûgeltsje- en plantsjelân’. It hat de oanset west ta it hjoeddeistich agrarysk natoerbehear[12]. Under dy kategory wurdt yn Fryslân in bedrach útjûn fan jierliks sa’n 13 miljoen euro oan boeren foar lânskipsûnderhâld en natoerfreonlik behear as minder dong, hegere wetterpeilen en letter meane. Hoewol’t de risseltaten fan dat behear net tafalle, is tsjintwurdich wol hast 85% fan de oerbleaune skriezen yn Fryslân yn natoerreserfaten en lân mei agrarysk natoerbehear te finen[13]. Dit binne tagelyk de greiden dy’t maitiids opfalle fanwege kleur, blommen en wietens. It giet yn totaal om san 16.000 bunder agrarysk natoerbehear en 6500 bunder gêrslân yn reserfaten[14]. Dat is minder as 10% fan it oerflak oan agarysk gebiet yn Fryslân. Yn it oaniensletten boerelân sûnder oanpast gebrûk is it kwa natoerwearden earmoedzjen.

Yn in fisy wêryn’t wy it lanlik gebiet as miensker sjogge, kin it net oars as dat de oerheid mei mienskipsjild ynvestearret yn de kwaliteit fan natoer en lânskip, ek bûten de natoerreserfaten. Fanôf 2016 bart dat fia in nij stelsel fan Natoer- en Lânskipsbehear. Agaryske kollektieven (gearwurkjende boeren) spylje dêryn in haadrol en wy soene har sjen kinne as mienskiplike behearders fan it lânskip. Wat goed is oan it nije belied, is dat der mear stjoerd wurdt op kwaliteit. Yn omfang bliuwt it lykwols in tige beskieden ynset fan op syn heechst 10% fan it agrarysk grûngebiet. Sûnder oanfoljende ynspanning bliuwe wy sitten mei in twa-spoaren lânskip, ien mei (10%) en ien sûnder natoerwearden (90%). Dat is eins net te fertarjen en dat is krekt wêr’t de ‘lânskipspine’ by in soad minsken weikomt. It is ek te min en te ferspraat om bygelyks skriezen en oare greidefûgels yn’e loft te hâlden. Lokkichernôch leit de ambysje fan de Provinsje wol heger en sette dy yn op 40.000 bunder oan kwalitatyf goed greidefûgellân.

Fosfaatpine en duorsume molke

Hjoeddedei sitte in soad boeren yn’e knipe tusken in lege molke- en in hege kostpriis, foaral by hege ynvestearrings nei it loslitten fan it molkkwotum. Yn de kontekst fan in merkekonomy liket it opfieren fan de produksje foar har de iennichste wei foarút en is der amper romte om oars (duorsumer) te buorkjen. Se binne yn dy sin te beskôgjen as wurknimmers fan de grutte spilers op’e suvelmerk. No rint de molkepriis ein 2016 wol wat op mar it fosfaat-debakel[15] jout in soad ûnwissens. Is der dan wol perspektyf foar ferbettering en mear kwaliteit?

Om yn it ‘wite’ gebiet (de 90%) echt wat te feroarjen is in oergong nedich nei in molkfeehâlderij dy’t folle mear rekken hâldt mei in sûn boaiemlibben (want dêryn leit de basis) en romte foar natoer en lânskip. Ferskate boeren yn de provinsje binne al dwaande mei mooglikheden om mear tsjinsten oan te bieden lyk as bygelyks streekprodukten, soarch en lânskipsûnderhâld. Der bin no ek al boeren dy’t rjochtstreeks oan boargers leverje neffens it konsept fan streekboeren[16]. Útsein dizze prachtige foarbylden liket it der net op, dat foarneamde feroaring op gruttere skaal ynset wurdt. De ‘fosfaat-pine’ bringt de sektor wol yn beweging mar om echt wat te berikken moatte wy de grutte spilers oansprekke achter it hjoeddeistich agrarysk model: de banken en de suvelyndustry. Se jouwe heech op fan duorsumens mar sjogge dat benammen as in nijsgjirrige ynvestearingsopsje foar boeren. Foar in skaalsprong moat dy stap neffens my lykwols net ôfhinklik steld wurde fan de fraach yn’e merk mar basearre wurde op in dúdlike kar en fisy dat Fryske molke – ek as exportprodukt – net allinne stiet foar earsteklas molke mar ek foar earsteklas natoer en lânskip.

No leit der al wol in soad biologyske of ‘greidemolke’ yn de skappen fan de supermerk mar fierwei it grutste part fan’e molke giet noch as bulkprodukt yn de eksport. En yn de ynternasjonale hannel wurdt de priis troch de oanfier bepaald , en dêr ha wy fanút Fryslân gjin ynfloed op. Mar wy kinne ús lânskip dochs net ferkwânselje foar de wrâldekonomy? Yn augustus kaam de Rabobank mei in oprop ta in ‘Deltaplan’ foar de molkfeehâlderij (Trouw, 5 augustus 2016). Hoewol ynstutsen troch de oanhâldend lege molkpriis wurdt pleite foar mear duorsumens. It liket my in opleine kâns foar in Deltaplan Duorsume Molke weryn’t in dúdlik hegere molkpriis foar de boeren keppele wurdt oan in duorsum lângebrûk. Fryslân soe koprinner bliuwe kinne as suvellân at wy ynsette op ynnovaasje fan’e molkfeehâlderij werby duorsumes ek giet oer natoer en lânskip.

Dat it oars kin, litte in pear nijskjirrige kollektyven yn Noard-Nederlân sjen. Op Skiermûntseach ha de boeren de lapen gear smiten om kollektyf – mei alle lân yn’e polder – oer te stappen nei biologyske melkfeehâlderij. Dêrneist is ûnder de merknamme Weideweelde in suvelprodukt opset troch in tal boeren dy’t foar in wat hegere molkpriis oan greidfûgelbehear dogge. De koarte ôfstân fan produsint nei konsumint fersterket sa de belutsenheid yn de mienskip.

Mienskiplike ynset foar mear kwaliteit?

It konsept fan miensker jout ek in dielde ferantwurdlikens. Mar wat kinne wy as mienskip dwaan? Wy kin yn elts gefal kieze foar suvelprodukten fan duorsume boeren. It tal boeren dat hjoeddedei oerstappe wol fan gongber nei biologysk buorkjen is grutter as de merke oankin. Mar wy jouwe dêrmei wol in dúdlik boadskip, ek ta stipe fan boeren dy’t sa’n kar al makke ha. Derneist kinne wy as mienskip der by de oerheid op oantrune om har yn te setten foar in mear doursume lânbou en de sektor deryn te stypjen. In boer moat witte wêr’t er oan ta is, seker op wat langere termyn. At wy as mienskip dat lûd dúdlik heare litte, rjochtsje ek de grutte merkpartijen har der op (Unilever, Danone en bygelyks Nestlé bewege yn dy rjochting). De boeren kinne dat net allinne dwaan. It is wol wis, dat in doarsum Fryske gea ek net sûnder mienskip kin!

Eddy Wymenga[17], Feanwâlden
Jannewaris 2017

Bronnen

[1]  Boer, J. de. Melk, kaas en landschapspijn. Leeuwarder Courant, 11 juny 2016.

[2]  De ynstek dat mei it lânskip ek ús cultuur ferskraalt hat resint in soad omtinken krigen. Sjoch bygeliks Bert Looper’s essay ‘Laaxum en de kunst van het verdwijnen’ (Friesch Dagblad, 26 jannewaris 2016), en de essaybondel fan van de Gronden (2015). Wijsgeer in het wild. Singel Uitgeverijen.

[3]  Lân dat bûten de polderdiken leit, en by heech wetter ûnder strûpe kin

[4]  Short, C., (2008). The traditional commons of England and Wales in the twenty-first century: meeting new and old challenges. International Journal of the Commons. 2(2), pp.192–221. DOI: http://doi.org/10.18352/ijc.47.

[5]  Yn’t ramt fan Kening foar de Greide wurdt troch Wim Hiemstra wurke oan in gearwurking tusken Collectives & Commons. Sjoch http://www.kening.frl/commons-collectives-2/

[6]  Altenburg, W. & E. Wymenga 1989. Voorjaarstrek van de Grutto in West-Frankrijk. Vogeljaar 37(2): 77-80.

[7]  Kloek, M. 2016. Zijn Nederlanders buitenmensen? Landelijk onderzoek naar gewenste en bestede tijd buiten en binnen. Rapport. KesselsKramer Publishing. Amsterdam. pp 52.

[8]  Daams, M. 2016. Rethinking the economic valuation of natural land: Spatial analyses of how deeply people value nature in rural areas and in cities. Diss. RUG, Groningen.

[9] http://www.landschapsobservatorium.nl/Uploaded_files/Zelf/resultaten-landschapsenquete-friesland-2014.d330c7.pdf

[10] Altenburg & Wymenga 2008. Help de Grutto Verdwijnt. De Levende Natuur ; Kentie, R. 2015. Spatial demography of black-tailed godwits. Phd. Rijksuniversiteit Groningen.

[11] Hardin 1968. The Tragedy of the Commons Science, New Series, Vol. 162, No. 3859 (Dec. 13, 1968), pp. 1243-1248.

[12] Snoo, G.R. de, Th.C.P. Melman, F.M. Brouwer, W.J. van der Weijden & H.A. Udo de Haes 2016. Agrarisch Natuurbeheer. Principes, resultaten en perspectieven. Wageningen Academic Publishers. Wageningen.

[13] Kleijn, D., Rundlöf, M., Scheper, J., Smith, H.G. & Tscharntke, T. 2011a. Does conservation on farmland contribute to halting the biodiversity decline? Trends in Ecology & Evolution 26: 474-481.; Nijland, F. 2016. Hoeveel weidevogels broeden er in Fryslân? Twirre 25: 3-10.

[14] Sifers ut 2012, boarne: Compendium foar de Leefomgeving (www.clo.nl).

[15] Troch de groei fan it tal kij nei it loslitten fan it molkkwotum wurdt it Europeeske plafond foar fosfaat op gerslân trochbrutsen, wêrtroch de sektor mooglik krimpe moat. Der liket no in oplossing te wêzen troch de fosfaatlêst te keppeljen oan de beskikbere grûn per bedriuw.

[16] https://destreekboer.nl/

[17] Mei tank oan Wibe Altenburg, Theunis Piersma, Klaas Sietse Spoelstra, Roel Strijkstra en Sjoerd Wymenga foar ynpsiraasje en it troch lêzen fan in eardere ferzje fan dit stik.