< >
Kening
 

Haaksto in Pykje Fjouwer?

Nieuws  • 11 januari 2018   
 
 
 
 

Pykje Fjouwer is hielendal allinnich. Syn dop woe net iepen en doe wiene heit en mem skries al fuort. De aventoeren fan dit skriezepykje binne optekene troch Lida Dykstra en illustrearre troch de Belgyske Ina Hallemans.

Pykje Fjouwer is in oade oan it Fryske lânskip. Yn it boek binne greidefûgels, buorkerijbisten, blommen, krûden en ynsekten te finen. Foar alle bern dy’t fan de natuer hâlde en der nóch mear oer witte wolle.

Ein maart krije alle 415 basisskoallen yn Fryslân dit boek fan Kening fan ‘e Greide. En wat soe it no moai wêze dat elke skoalle ek in Pykje Fjouwer hânpop by dit boek kriget.

Dêrom oan dy de fraach: haak mei restjes wol fan souder, dit skriezepykje. Kleur makket net út. It moat in eigen, ‘biodivers’ skriezepykje wurde.  

Is dyn Pykje Fjouwer klear, dan ringest it pykje. Om de poat dochst in ring mei dêr oan in label mei dyn namme, adres en tillefoannûmer. Pykje Fjouwer is dan klear om út te fleanen.

Stjoer Pykje Fjouwer foar 15 maart 2018 op nei: Pyke Kroes, Gibbeflecht 43, 9022 AH Mantgum.

Begjin april wurdt alles nei de skoallen brocht. En dan hoopje dat de skoalle dy’t dyn Pykje Fjouwer hat, kontakt my dy opnimt. Dan wurdt dúdlik hokker reis Pykje Fjouwer makke hat.

Download hjir it patroan en haak dyn eigen Skriezepykje.  

Witst noch mear minsken dy’t goed hake kinne? Stjoer it troch.

Mear ynformaasje?

Nim kontakt op mei Pyke Kroes 06-12859487