Dizze poster is makke om elkenien witte te litten dat toanielferieniging “Yn it oare fel” drok dwaande is mei in iepenloftspul. De titel fan it stik sil wêze: “de Kening stjêrt”.
Oarspronkelik skreaun troch de Frans-Roemeenske skriuwer Eugene Ionesco. It sil spile wurde yn in stik lân oan de Ursuladyk. Nei de earste snee gers en foar de twadde snee sil it heve. En wol op 11,12 en 14 juny 2014.
De oanlieding om it stik: “de Kening stjêrt” te spyljen, is de fraach dy’t ús en in hiele soad oare Friezen, mei namme de minsken fan Kening fan ‘e Greide, dwaande hâldt nammentlik: Wat wolle wy mei it Fryske lânskip en wat ha we dêr foar oer.
We kinne it mei eigen eagen sjen; de efterútgong fan greidefûgel- en oare weardefolle natuergebieden foar bijgelyks stedsútwreidings, yndustry, nije diken en de yntensifearring fan de lânbou. It opofferjen fan âlde lânskippen foar ekonomyske belangen.
Wolle wy dit sa troch gean litte? It sette ús oan it tinken….
Om’t wy gjin minsken binne dy’t op de barrikaden stean gean en dochs ús stientsje bijdrage wolle oan de bewustwurding fan dizze fraach, ha wy foar in wize keazen wer’t It Heidenskip goed yn is. En dat is meielkoar gearwurkje yn foarmjouwing , sang, muzyk en toaniel.
“de Kening stjêrt” is yn it foarste plak in humoristysk stik. It giet oer loslitten en ôfskie.
Dizze swiere tematyk is ferpakt yn de prachtige metafoar fan it krimpende keninkryk mei in minslike kening yn in taal dy’t sawol komysk as poëtysk is. Om’t de Kening yn it stik wol wat oerienkomsten hat mei de echte Kening fan ‘e greide; de skries, ha wy foar in iepen stik greidelân as lokaasje keazen. De kening hat ek in eigen facebooksite wer yn’t elkenien de oanrin nei nei de foarstellingen folgje kin. Sjoch op fb op: de Kening stjêrt
Reservearje: toneelitheidenskip@hotmail.com of
Til: op wurkdagen fan 17.00-19.00 op 0515-543064
Lokaasje: Greide njonken Ursuladyk 14
Oanfang: 20.30 oere