Salich. Nee, net de Kryst. Mar dat der de lêste wike in yngreven diskusje is yn Fryslân. Hearlik. Nee, salich dus. Oars hiene we no bygelyks âldehoere moatten oer dat de noardelike provinsjes jild stekke yn de noardelike ûntwikkelingsmaatskippij. De provinsjes bin sabeare grutsk, mar it is inkel sa dat de NOM en it ministerie fan Ekonomyske Saken der it mier oan ha dat de provinsjes op in kwak jild sitte, en sy sels klauwen ha om wurkgelegenheid yn it noarden syn gerak te jaan. Dus Kamp sei: minder gas, mar dan wol ik jim bankboekjes sjen. Sa wurde de provinsjes aanst foar de helte eigner fan de NOM. Se sizze no al dat it dan folle better gean sil. Sa traapje se dus ek noch efkes NOM-direkteur Siem Jansen yn de Potmarge. Mar dy hat lokkich al in traap werom jûn, provinsjes moat betelje, mar ha neat te sizzen. No, dêr bin we noch net oer útpraat. Mar wy ha no dy salige diskusje oer it sykjen fan ljipaaien. Lês mear..