Tijdens de viering van de aankomst van grutto Amalia droeg dichter Elmar Kuiper het prachtige gedicht ‘Myn lân’ voor, dat hij speciaal voor de aankomst van Amalia schreef.
It lân dat de tonge útstuts
kin de tonge net mear útstekke.
It lân dat wielderich en rûch wie
kin no net mear prate.
Ik wol wat sizze tsjin dat lân.
En sis: Wêr is myn lân,
dêr´t learzens sa hearlik
smyksmakke, fûgels har nêsten
opmeitsje, sa fûl sjonge
dat se hast út ´e loft
delsige?
Wêr is myn lân, dêr´t it aaien
reint, dêr’t miggen gûnzje,
wjirms dûnsje, in pyk
net ûnder it plestik
ferdwynt?
Dat sis ik no tsjin dy lân
en ik lit de triennen even rinne.
Dat sis ik no tsjin dy lân, tsjin dy!
Wêrom bisto sa dôfhûdich? Spilesto
moai waar, lûksto it antlit strak
as in moade goadinne? Hat de tiid
dy tamtearje, hasto te bot
op ´e bealch hân?
Dat sis ik no as in man dy´t seit
dat it dea is yn syn lân, sa dea.
Dat sis ik no as in man dy´t batse wol
troch machtige puozzen, as in man
dy’t him deljaan wol tusken gouden
rêgen, dy’t harkje wol nei it greide-
orkest, nei in orgy fan lûden.
Dat sis ik as in man dy´t de goede
tiid wer meimeitsje wol, dy’t wit
dat it no dea is yn syn lân, sa dea.
Wat kin ik jaan
as de ljip op myn lân gûlt aai
kwyt, aai kwyt, as myn skries
skriemt as in dichter dy’t siik
en blyn fan langst syn âlde
lân besjonge wol?
Wat kin ik dwaan
as myn lân skoare wol, mar
jankt as in junk om ´e jarre,
as de hûd skuort, de nulle
yn ’e ier it wêzen
iepenript?
Wat moat ik sizze
tsjin Amalia, de skries
mei reade en giele ringen
en in fleurt flachje om ’e poat?
Wat sis ik tsjin dy bliere
fûgel, dy’t weromkomt
mei in stjoerder op ´e rêch,
de sawa’s fan Extremadura
sûnder stúmjen ynruilet
foar in griene woestyn.
Wolkom thús?
Kom bried mar op myn lân
mar skrik net fan it antlit,
myn strak lutsen antlit.
Benieuwd naar hoe de aankomst van de grutto Amalia is gevierd? Lees dan hier een verslag over de feestelijke avond.