Yn Weidum op it buertkip It Wiel hawwe wy efter de hinnestâlen aardich wat skriezen sitten. Dit komt mei troch de fûgelleafde fan myn man Jarig Boersma, dy’t him mei tiid en ferstân bekroadet om allerhande fleugelde greidefreonen. Fanôf it gebak by de kofje as wy it earste ‘grrito-grriet’ heech yn de loft hearre oant de eufory as de earste piken rûnfleane ( of de depresje as de âlders pyk- en doelleas omfladderje) en oant úteinlik kloften fourasjerende fûgels by ús yn de lânen omskarrelje.
Wy hawwe hjir in moaie hoeke fjild. De fûgels briede by Piet út en geane dan mear nei achteren, nei it lân fan Andréa, dy’t faak let meant. Wy hawwe sels in lyts hoekje grûn mei greppels, dêr’t se ek graach komme. As it gers groeit by buorman Piet, dan wurdt alle muoite dien om yn de gaten te hâlden hokker fûgels der alle dagen bykomme, wêr’t se sitte en dy nêsten op ‘e tiid te mankearen. Ek de folwoeksen soanen (betûfte aaisikers) wurde ynsetten om mar sa folle mooglik aaien te finen en stokjes te setten. De skiep wurde út it lân wei avenseard en de greppels komme fol wetter, in wiere plas/dras hoeke.
Op de bou hast it gewoane wurk, útsein dan dat Piet sleepslangjen gie en dat is wol wat in crime. Lokkich wisten we it op ‘e tiid en kamen syn frou en soanen ús meihelpen om wol sa’n 15 nêsten ( ljip, skries, strânljip, wylde ein) te beskermjen. Us dochter fan 13 holp ek mei, swier yn de make-up fansels, want ja.., dy stoere buorjonges.. Wy hien aaien en piken yn doaskes of yn’t omtearde t-shirt en elk lette op wêr’t syn nest wie, sadat se nei de tiid wer netsjes op itselde plak dellein waarden. It duorre oeren lang mar it slagge ús aardich allegearre. In kûltsje wâdsje mei de lears, dêr wat hea yn út in ammerke en dan fersichtich de aaien of pykjes deryn skakeare. En dan wegweze om wer rêst te bringen.
It gerslân wie in oar ferhaal, want der wurdt mei trije hakselsmasjines 9 meter breed meand en net alle nêsten binne yn’t lange gers te finen. Dan is it dreech om alles feilich te rêden. Mar de skriezen en tsjirken sieten moai bijelkander. It lân hat trije ekers en op twa ekers siet de hiele brot. Der stien sa’n soad stokjes, dat doe’t it oan it meanen ta wie Piet besletten hat dy twa ekers stean te litten. Sa hiene de fûgels tiid om út te brieden en sieten se net yn ’t sicht fan predatoaren. Geweldich goed gien! As wy troch it lân nei achteren rûn wie it in kabaal fan fûterjende heiten en memmen yn de loft en as wy op de trekker lâns ús plasdras rieden seagen we de pykjes ûnbehindere yn de greppeltsjes omdraven.
Us buorman Sytze Pruiksma wie foarich jier mei syn maat Theunis Piersma nei Portugal west om dêr foar in projekt greidefûgels te senderjen en te ringjen om te sjen wêr’t se maityds bedarren. Dat koe oeral wêze: Skandinaafje, Dútslân, Poalen.. Fanôf syn laptopke op it Wiel koe hy dan folgje wêr’t syn sendere skriezen telâne kaam. En it ûnmooglike barde fansels, as yn in moai skreaun jongesboek, ‘syn’ skriezen fleagen presys nei Nederlân, nei Fryslân, nei de Greidehoeke, nei it Wiel om úteinlik by him foar de ruten lâns yn ’t gers del te ploffen. Sytze kompleet oerémis fansels en hûnderten foto’s binne sketten om dit wûnder fêst te lizzen. De fûgels binne úteinlik ôfsetten om earne oars te brieden. Mar it wie in prachtich ferhaal en fansels wien we benijd as hja dit jier wer werom komme soen nei ús krytsjes. Meastal binne greidefûgels frijwat honkfêst, dat de kâns wie grut.
En indie, dit jier wien “Amalia”en “Trejoito” wer yn de buurt, mar se wien nochal wat ûnderweis. It like net as se fêst plak hien. Al miende ik dat ik ûnderweis mei in fleske lammemolke ek pykjes mei in skries seach, dy’t rinkjes om de poat hie. Mar dy wien de Bearsterfeart ek alwer oerswommen en fierder lutsen. We rekken der op it fytspad mei Sytze oer oan de praat en Jarig fertelde entûsjast dat der nochal wat skriezen en tjirken by ús achter yn it plasdraske sieten. De boeren hien alles meand en al groeide it gers alwer wat om te skûljen, dochs hongen de piken by de folle greppels om. Dat woe Sytze wolris sjen, dat doe’t Theunis op besite wie kamen se del mei enoarme kikers. Se stelden harren telelenzen skerp en seagen bulten fûgels, tichtby mar ek guon yn oare fielden fierderop. Prachtich! Op in stuit komt der in skries lúdroftich melden dat wy om him wol oplazerje kinne. Hy hinget flak boppe ús en Theunis seit ynienen: “Dizze hat in senderke”.
Wat der doe barde wie krekt in klucht. Sytse skrikt sa dat hy hast efteroer by syn telelens weifalt. Gau pakt hy syn telekamera en ja, it is syn Trejoito, fiif meter boppe syn holle, lilk as in seage mar dat koe Sytse net deare. Alhiel út de skroeven wie hy. Gjin inkel each mear foar de rest, allinnich foar syn skries, dy’t hy oeral folge mei syn kamera, klik klik klik! En ja hear, Trejoito hie piken, derom woe hy ús wol slite. It ûnmooglike waard mooglik: in skries út Portugal krijt in senderke fan Sytze en dy briedt twa jier letter 300 meter fan syn hûs piken út. In sterk stik fansels en Sytze hie in jûn om nea te ferjitten!
Marineke vd Zijpp