< >
Kening
 

Temajûn: It plattelân: no en yn de takomst; kânsen en bedrigingen

donderdag 04 februari 2016, 19:30
gratis
 
 

De fraksje fan de FNP yn De Fryske Marren organisearret op tongersdei 4 febrewaris 2016 in temajûn. It ûnderwerp fan diskusje is it feroarjende lânskip. Der is hjoed-de-dei in soad te dwaan oer hoe’t ús plattelân feroaret. Diskusjes oer greidefûgels, lângebrûk, biodiversiteit, duorsumens fine rûnom plak. Yn dit ramt wol de FNP De Fryske Marren yn diskusje mei saakkundigen en belangstellenden om de kânsen en bedrigingen te ferkennen. Eltsenien is wolkom!

Datum: tongersdei 4 febrewaris 2016
Plak: it Sealesintrum yn Sint Nyk (Baron van Hardenbroekstrjitte 3, 8521 KA)
Tiid: fan 19.30 – 22.00 oere

Wy hawwe trije sprekkers útnûge: Klaas Sietse Spoelstra (aanvoerder Kening fan ‘e Greide), Theunis Piersma (ecoloog, bioloog) en Bartele Holtrop, boer yn Rotstergaast. Bartele sil it ha oer natuer-ynklusyf buorkjen yn de praktyk. Holtrop is boer en wit as gjin oar foar wat foar beheiningen en útdagingen in boer stiet.

Nei it skoft is der folop gelegenheid om mei it panel en elkoar yn diskusje te gean. Yn it panel sitte de sprekkers en wethâlder Durksz fan De Fryske Marren.

Bron: FNP De Fryske Marren