< >
Kening
 
 

Zondag 14 april in Jorwert: “Sjonge mei tsjerkegongers en kroechrinners en kening skries”

Nieuws  • 9 april 2013   
 
 
 
 

Yn de Midsieuwen giene de tsjerkegongers faak fan de mis nei de kroech. Bytiden leine dêr ek muzykynstruminten klear en waard der songen en spile. It draaide dan ek wol út op “cantare, sonare, ballare”. Op sjongen, spyljen en dûnsjen.

Dêr hat it wol wat fan, wat der yn Jorwert stiet te barren.Yn gearwurking mei “Nijkleaster”, in plak foar besinning en kultuer, start dan it Kwartettekoar ûnder lieding fan Hindrik van der Meer in sjongerij, dy’t faaks in tradysje wurde kin. Dy mooglike tradysje set útein op 14 april 2013 middeis om healwei twaën. It barren wurdt – as der genôch flecht op de koai komt – twa kear jiers hâlden: ien kear yn’e maitiid en ien kear by’t hjerst.

Om ien oere is elts dy’t nocht oan sjongen hat wolkom. Fan healwei twaën oant trijen wurde dan yn de Redbadtsjerke benammen nije fryske tsjerkelieten songen, mar ek lieten út Taizé en Iona, en lieten fan Fedde Schurer, út de “Gitaer by it Boek” en “In spyltúch”.

Nei it skoft komme benammen maitiidslieten út “Fryslân Sjongt” oan bar, mar ek nijere Fryske lieten fan de lêste jierren. Yn dat part fan it programma komt ek in aktueel tema oan’e oarder: De skries as kening fan de greiden. It liet “Petsje ôf foar kening skries, dat docht eltse goede Fries” sil foarsongen wurde troch in pear “fûgeltsjeboeren”: boeren dy’t sa buorkje dat de greidefûgels kâns fan libjen hâlde. Boppedat litte de bern fan de skoalle fan Jorwert oan de kroechrinners in eigen skriezeliet hearre.

It Kwartettekoar sil it sjongen fan de tsjerkelieten “oanjeie”en it eardere kroechkoar Auke Roukes út De Legeaën is fan healwei fjouweren ôf it “oanjaachkoar” nei it skoft.

Tidens it foarste part mei it Kwartettekoar wurdt ek fjouwerstimmich songen, mei Auke Roukes meast ienstimmich.

Utsoarte soe it tige aardich wêze as “kroechrinners” en “tsjerkegongers” oan beide programma’s meidiene. Der binne ommers genôch sjongers dy’t sawol “rinner” as “gonger” binne, mar der kin fanselssprekkened ek keazen wurde foar it iene of it oare. Yn it skoft treffe beide ploegen elkoar yn elts gefal oan de tee of kofje. Foar de muzyk en de kofje of de tee wurdt in fergoeding frege fan 5 euro.

Beide ûnderdielen spylje har ôf yn de Redbadtsjerke. Foar de neisit is “It Wapen fan Baerderadiel” iepen.

Koart om’e hoeke
Sjongerij mei tsjerkegongers en kroechrinners op sneintemiddei, 14 april 2013
yn de Jorwerter tsjerke û.l.f. Hindrik van der Meer

Fan 13.30 – 15.00 nije tsjerkelieten, lieten fan Fedde Schurer, Iona- en Taizélieten mei as oanjagers in part fan it Kwartettekoar
Fan 15.30 – 17.00 lieten út “Fryslân sjongt” en nije Fryske lieten, mei kroechkoar “Auke Roukes” as oanjaachkoar. De bern fan Jorwert sjonge in nij skriezeliet.

Petsje ôf foar kening skries
(Songen troch de boeren)Petsje ôf foar kening skries
Goed idee! Seit eltse FriesKening skries is winters mei de frou yn Afrika
mar by’t maitiid lûkt it bêste lân fan d’ierde sa
boeren lizze dêr in greideblommen loper klear
as in wolkom foar it bliid ferwachte keningspear
foar de heechbepoate gasten yn har sjyk tenu
stiet dêr alle dagen wjirm op it menuAs it gritogrytsjend pear wer oer ús greiden fljocht
is it hiel bysûnder wat dat ús as minsken docht
Komme tsjirken ljippen ljurken ek mei har refrein
dan is’t lok fan greidefûgelfreonen hast folslein
minge hynders skiep en kij har noch yn’t greidekoar
witte wy: hjir stean wy foar!
tekst en muzyk hindrik van der meer

Maitiid yn Jorwert
(songen troch de bern)
Moatst ris sjen, moats ris rûke, moatst ris hearre
Roppe minsken bisten blommen allegearre
Maitiid maitiid is sa’n moaie tiid
Minsken bisten blommen wurde bliidSkries op’e hikke ropt grito grito griet
Ljurk yn’e wolken sjongt it heechste liet
Ljipkes dy rope fan kiwyt kiwyt kiwyt
Wy wolle yn Jorwert graach ús aike kwytMoatst ris sjen, moats ris rûke, moatst ris hearre
Roppe minsken bisten blommen allegearre
Maitiid maitiid is sa’n moaie tiid
Minsken bisten blommen wurde bliid
tekst en muzyk hindrik van der meer